Oer it projekt Ferhalefjoer
It Kulturele Haadstêdjier stiet grôtfol ferhalen: oer ierappels, sirkusartysten, skriezen en reuzen…. At ‘st al dy ferhalen byinoar op telle soedest dan krigest in moai byld fan ús byinoar anno 2018. Mar hokker ferhalen sille wy takommend jier hearre? En yn 2020? En dernei? Tidens it Ferhalefjoer gean wy mei bern op syk nei dy ferhalen.
Op freed 15 novimber novimber krigesto de kâns om op skoalle in eigen ferhalemiddei of ferteljûn te organisearren. Dat kin mei ien klasse, of mei de hiele skoalle, mei âlders der by of mei it âldereinhûs om ’e hoeke… Wat jimme sels aardich fine. Wy helpe dy op wei mei materiaal en, nei winsk, in ferhaleferteller.
Werom ferhalen?
In ferhaal is foar ús brein de meast nijsgjirrige en logyske manier om kennis te ferwurkjen. Troch nei ferhalen te lústerjen en se te fertellen, leist ferbinings en learsto hoe it libben wurket. By bern is dit net oars; de ferbinings dysto leist yn dyn jongerein bepale de basis fan it brein. Dêrom is it wichtich bern oer harrensels en oer de wrâld te fertellen.
Hoe wurket dit?
Stap 1: Op syk nei dyn ferhaal
Yn it foartrajekt giet in skoalle ûnder begelieding fan in fertelcoach op syk nei harren fokus: wat wolle jimme organisearre? Foar wa en mei wa? Mear ynhâldlik: hoe kinst ferhalen ynsette yn de les? It foartrajekt wurdt gearstalt troch de skoalle en de fertelcoach, mar de útfiering kin by in spesjalist lizze; in keunstner, ynspirator, lêskonsulint, taalspesjalist ensf.
Stap 2: It Ferhalefjoer!
De fertelmiddei/-jûn sels wurdt organisearre troch de dielnimmende skoalle, mar kriget dêryn wol stipe troch de fertelcoach. De skoalle organisearret 1 middei of jûn. It oantal learlingen of learkrêften dat meidocht en it oantal minsken dat komt te sjen (oare klassen, learkrêften, âlders) ferskilt per skoalle. In link mei in projektwike, âlderjûn, festival of oars wat yn de omjouwing organisearre wurdt is goed mooglik
Jou de fonk troch!
Dochsto ek mei? Jou dyn skoalle dan no op!